It is noch mar de fraach oft Klomp-sjauffers moandei ride

It is noch hielendal net wis dat de sjauffeurs fan taksybedriuw Klomp moandei de dyk opgeane. Dit wykein waard bekend dat de bewâldfierder fan Klomp alle tankpassen blokkearre hat. Dêrop hat soarchgroep Alliade, dêr't Klomp it ferfier foar docht, in depot by de bank regele. Sjauffeurs moatte no de brânstofkosten foarsjitte, mar binne der wis fan dat se it út it depot werombetelle krije.
Neffens fakbûn FNV kinne in soad sjauffeurs dat jild net foarsjitte, want se hawwe ek al in skoft gjin lean krigen.
Minke Jansma fan it FNV: "As je dit wykein kieze moasten tusken boadskippen dwaan foar je gesin of op moandei de taksy ôftanke, dan is de kar gau makke". Sy tinkt dat de oplossing yn hannen is fan de bewâldfierder fan Klomp. "Soargje dat it jild foar it tanken no oermakke wurdt nei de sjauffeurs, dan kinne se gewoan tanke en oan it wurk." Hoefolle sjauffeurs moandei wol of net oan it wurk kinne, is noch net dúdlik. Jansma: "De ien seit dat der noch genôch brânstof is om moarns noch in rit te dwaan, de oar hat hielendal gjin disel mear yn de tank."
Alliade giet der foarearst fanút dat de sjauffeurs moandei gewoan ride.