Noard-Hollân: ek sûnder aaisykjen is der neisoarch

24 apr 2016 - 10:08

It fuortfallen fan it aaisykjen, hoech net te betsjutten dat der skielk te min frijwilligers binne om greidefûgels te beskermjen. Dat bewiist de situaasje yn Noard-Hollân. Dêr is sûnt begjin jierren '80 gjin relaasje mear tusken it ljipaaisykjen en de neisoarch, lykas yn Fryslân. Neffens it Landschap Noord-Holland binne der no tûzen frijwilligers aktyf en dat oantal bliuwt goed op peil.

Yn it begjin gie it foaral om âld-aaisikers, mar no wurde nije minsken binnen helle mei bygelyks krante-advertinsjes.

It giet benammen om minsken mei leafde foar natoer en lânskip dy't út it wurk binne. Omdat it net om fjildminsken giet, geane sy earst op kursus. Dêr leare sy ûnder oare om sa min mooglik yn it lân te kommen en foaral te sjen en te harkjen. Miny-ekologen neamt Wim Tijsen fan Landschap Noord-Holland de nije frijwilligers. Hy advisearret de Fryske Fûgelwachten mear yn te setten op de ekology fan de greidefûgels en minder op de beskerming fan nêsten.

Buro de Vries bringt snein in lange reportaazje oer de neisoarch yn Noard-Hollân.

Trefwurden: 
aaisykjen neisoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)