CBS: Fryslân 9e op mêd fan toeristyske oernachtings

By Nederlanners dy't yn eigen lân op fakânsje gean is Fryslân net al te populêr. Dat docht bliken út sifers fan it sintraal buro foar de statistyk CBS. Neffens dy sifers is Gelderlân fierwei it meast populêre reisdoel mei 10 miljoen oernachtings. Fryslân stiet yn it oersjoch op in beskieden njoggende plak, achter Drinte, Oerisel, Súd-Hollân en Seelân.
Allinnich Utert, Flevolân en Grinslân hiene noch minder binnenlânske oernachtings. It CBS fynt dat logysk, omdat dy provinsjes folle minder toeristyske akkommodaasjes hawwe.
Yn de maaiefakânsje binne benammen de kamping en de fakânsjehúskes populêr as bestemming. Ferline jier waarden yn maaie 5,5 miljoen nachten trochbrocht op kampings en yn fakânsjehúskes. Dat is folle mear as yn hotels: 1.9 miljoen nachten. It oantal hotelnachten sit wol yn de lift, want oer hiel 2015 waard faker yn in hotel slept as op de kamping. Tsien jier lyn wie dat noch oarsom.
Neffens direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân, it marketingburo fan de provinsje, is Fryslân wol degelik populêr by de binnenlânske toerist.