Bysûnder ûngelok: Lantearnepeal muorrefêst yn auto

24 apr 2016 - 07:29

Op it Boppeste yn Drachtsterkompenije barde sneontejûn in bysûnder ûngelok. In auto skeat dêr troch noch ûnbekende oarsaak út de bocht en rekke in lantearnepeal. De bestjoerder rekke hjirby net ferwûne, mar lantearnepeal en BMW waarden muorrefêst yn inoar ferfrissele.

De brânwacht moast der by komme om lantearnepeal en auto wer foarsichtich faninoar los te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)