Dochs rommelmerk mei Keningsdei yn Bitgummole

Frijwilligers hawwe sneon in grutte tinte opset yn Bitgummole foar Keningsdei. It wie lang ûnwis oft de rommelmerk dêr dit jier wol trochgean kin. De merk wie altyd yn in loads by in boer, mar dy lokaasje is net mear beskikber. Uteinlik stelde de PKN-tsjerke in gebou oan de Van Aismawei yn Bitgummole beskikber. In pleatslike ûndernimmer soarge foar in grutte tinte omdat der oars te min plak wêze soe.
Brassband Looft den Heer organisearret alle jierren de rommelmerk. Fan de opbringsten wurde lessen fan jeugdleden betelle.