Harkemase Boys noch altyd gjin kampioen

Harkemase Boys is noch altyd gjin kampioen yn de haadklasse C. De Harkiten wûnen op eigen fjild mei mar leafst 5-1 fan CSV Apeldoorn. Mar konkurrint Staphorst pakte ek in oerwinning troch yn de slotfaze mei 3-2 te winnen by Genemuiden. Topskoarder Robert Stelpstra sette de Harkiten al nei 6 minuten op foarsprong. Op slach fan rêst soarge Joram Smits foar de 2-0.
Fuort nei rêst brocht Apeldoorn de spanning efkes werom mei de 2-1. Treffers fan Stelpstra en twa kear Heine Uuldriks soargen lykwols foar in romme winst foar de Harkiten.
Mei noch trije duels te gean stiet Harkemase Boys no acht punten foar op Staphorst. By winst takom sneon op Urk is it kampioenskip wis binnen.