Ljouwerter rydt te hurd yn stellen auto

23 apr 2016 - 13:13

De plysje hat sneontemoarn op de Tjallingawei in 29-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man foel op doe't er mei hege snelheid oer de Tynjedyk ried. Ut ûndersyk die bliken dat de auto op 14 april stellen wie. De Ljouwerter wegere earst syn namme te jaan, mar joech wol oan dat er kokaïne en GHB brûkt hie, foardat hy achter it stjoer stapt wie.

De man is op it plysjeburo troch in GGD-dokter ûndersocht. De man moat ek noch 179 dagen de sel yn. Sadree't it ûndersyk nei de stellen auto klear is, wurdt de man oerbrocht nei de finzenis.

Trefwurden: 
oanhâlden stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)