Wylde plysje-efterfolging fan Drachten nei Hylpen

23 apr 2016 - 11:23

De plysje hat freedtejûn dwers troch Fryslân achter in 46-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oansitten. De plysje woe de man yn Drachten oanhâlde, mar dy naaide fluch út. It waard in wylde efterfolging oer fytspaden en dwers troch bermen, dy't geregeld foar gefaarlike situaasjes soargen. De man feroarsake hast in pear oanridings, joech gjin foarrang op krusingen en ried sels in skoft spûkridend oer de dyk.

De man waard lang om let oanhâlden op de Oosterdyk yn Hylpen, neidat er dêr op in plysje-auto botste.

De plysje die mei ferskate plysje-auto's en de plysjehelikopter oan de efterfolging mei. De man waard oanhâlden en ynsletten. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak. De plysje woe de man oanhâlde omdat de man by de plysje sinjalearre stie.

Trefwurden: 
efterfolging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)