Mobiliteitssintrale moat ferfiersoanbod optimalisearje

22 apr 2016 - 22:11

Noardeast-Fryslân krijt in mobiliteitssintrale. Dizze sintrale soarget derfoar dat it ferfiersoanbod yn dy regio optimalisearre wurdt. Der wurdt besocht in gearhingjend en fersterkjend gehiel fan lytsskalich ferfier te realisearjen. Sa wurde learlingeferfier en wmo-ferfier better op inoar ôfstimd. De komst fan de mobiliteitssintrale betsjut dat de rezjy op it ferfier en it riden fan de ritten fan inoar skieden wurde.

De sintrale plant de ritten los fan de ferfierders.

Leefber Noardeast-Fryslân

De mobiliteitssintrale is in inisjatyf fan Deputearre Steaten en seis gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân en sil fan 1 augustus takom jier ôf úteinsette. Deputearre Johannes Kramer: "Noardeast-Fryslân moat in leefbere regio bliuwe troch goede berikberens en wêr't dat nedich is, sille wy de boargers stypje by harren mobiliteit."

Aktueel

Mei de nije wurkwize kin de regio ek better ynspylje op aktuele maatskiplike ûntjouwingen. "Sa binne wy mei it ferfier yn de regio ree foar de takomst. Ik bin grutsk dat wy dit mei-inoar yn Noardeast organisearje", sa seit wethâlder Pytsje de Graaf, dy't it projekt lûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)