Verf: ''Takomst fan Fryske literatuer stiet op it spul''

De takomst fan de Fryske literatuer stiet op it spul. Dat seit Willem Verf fan de stichting FLMD. Dy stichting hiert de Skriuwersark op De Feanhoop, dêr't skriuwers yn alle rêst wurkje kinne, en jout alle jierren de Douwe Tammingapriis út. Normaliter betellet de stichting dizze aktiviteiten fan de rinte dy't se opstrike oer it jild dat se op de bank stean ha. Mar de rinte is no sa leech dat dat hast neat mear opsmyt.
De stichting kin ynteare op it fermogen dat der is, mar allinne as der sicht op is dat der wer jild by komt, seit Verf.
Dat is net it iennige, seit Verf, der binne hieltyd minder útjouwers dy't ferstân fan saken ha. Dat is ek in punt fan soarch. It hinget der ek fan ôf hoefolle minsken it lêze. Skreaun Frysk is der net safolle. Reklame en gebrûksoanwizingen bygelyks binne meast yn it Nederlânsk.
Utjaan wurdt dreger
It útjaan fan Frysktalich proaza en dichtwurk wurdt hieltyd dreger, seit Verf, en dan kin men fan tinken wol hawwe dat der hieltyd faker in berop op de stichting FLMD dien wurdt. Dêrom ropt er minsken op dy't de Fryske literatuer tadien binne, om de stichting te stypjen mei in jefte of in skinking.
FLMD
FLMD stiet foar Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. De stichting wie earder fêstige yn it eardere wenhûs fan Mata Hari yn de Grutte Tsjerkestrjitte te Ljouwert, mar is yn 2002 opgien yn it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, yn 'e mande mei de Provinsjale Biblioteek en it Ryksargyf. Der bestiet no noch hieltyd in stichting FLMD. Dy beheart de jilden dy't har taskikt binne mei it doel projekten te stypjen dy't bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer.