FIDEO: De lêste dei fan Frisian Flag
De spotters fine it spitich, mar de ynwenners fan Jelsum en Marsum binne bliid. Twa wiken lang trainden jachtfleaners út ferskate NAVO-lannen boppe de Waadsee komplekse oefeningen. Freed wie de lêste dei fan dizze grutte ynternasjonale loftmachtoefening Frisian Flag op de fleanbasis yn Ljouwert.