Jan Schulting wurdt nije haadtrainer froulju SC Hearrenfean

© AWFoto.nl
Jan Schulting fan De Tynje wurdt de nije haadtrainer fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean. Hy folget Fred de Boer op. De âld-proffuotballer fan Hearrenfean hat earder trainer west by Veendam, SC Cambuur en Omniworld. It bestjoer fan de froulju fan SC Hearrenfean is bliid mei de komst fan de nije trainer. Se tinke mei Schulting wer in stap meitsje te kinnen.
Op freed 29 april spylje de froulju tsjin Ajax, de nije trainer sil dan as gast oanwêzich wêze.