Stofwolk frijkaam by opstarten fan ôffaloven yn Harns

By it opstarten fan de REC yn Harns is tongersdei in stofwolk frijkaam. It is net dúdlik hoe't dat kin. Dat wurdt ûndersocht. Ferantwurdlik deputearre Schrier seit dat er ferrast is. It is de twadde kear yn koarte tiid dat soks bart. Schrier wol fan eigener Omrin fan de ôffaloven witte hoe't it kin.
De provinsje leit de Omrin in lêst ûnder twangsom op. As by it opstarten fan de oven wer in stofwolk frijkomt, dan kriget Omrin in boete.
Der leit noch in oare lêst ûnder twangsom foar it foarfal yn oktober. By in steuring doe kaam mear dioksine frij as tastien is.
In spesjale wurkgroep mei ûnder mear de provinsje, gemeente, Omrin en miljeusaakkundige Johan Vollenbroek binne al in skoft dwaande te betinken hoe de ôffaloven feiliger te meitsjen. Ien fan de oplossingen is it spielen fan de ynstallaasje mei it doekfilter, foardat de oven wer opstart wurdt. Dat barde foarhinne nea, wêrtroch't net-filtere stoffen út de piip kamen. By de opstart fan tongersdei is der spield mei in filter, mar dat hat net útpakt lykas ferwachte. ''Het is doodzonde. We zijn met zijn allen heel hard bezig om de oven veiliger te maken'', seit Schrier.
Skealike stoffen
De provinsje hat by de opstart ekstra dioksine-mjittings dien. De útslach dêrfan komt oer in pear wike. Foarearst is der gjin goede oplossing fûn foar de opstart fan de oven.