De Spitkeet slút jubileum ôf mei Koningsspelen

22 apr 2016 - 14:19

Tûzenen skoalbern yn Fryslân ha meidien oan de Koningsspelen of binne der freed noch drok mei. Hurddrave, fuotbalje, survivalje, fierspringe, fan alles is der organisearre om de bern mar lekker oan it bewegen te krijen. Dat is de gedachte derachter, sa't kening Willem-Alexander dat in pear jier lyn betocht hat.

Yn temapark De Spitkeet op De Harkema dienen fiifhûndert bern mei oan de spultsjes. De wurkgroep fan De Spitkeet slút mei de Koningsspelen de fiering fan it 25-jierrich bestean ôf.

Mei help fan in soad frijwilligers koene de bern in sirkwy fan mear as fjirtich spultsjes ôflizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)