Wurkstraf en skeafergoeding easke tsjin Easterwâldster

22 apr 2016 - 14:08

Tsjin in 54-jierrige man út Easterwâlde is in wurkstraf fan 80 oeren easke omdat er besocht ha soe de nije partner fan syn eks-freondinne slim te ferwûnjen. Ek soe er goed 800 euro skeafergoeding betelje moatte.

Op 25 oktober soe de fertochte mei syn auto op de man ynriden wêze. It slachtoffer klapte fia de motorkape op strjitte. Hy rekke net ferwûne. It ynsidint barde koart nei't de fertochte feroardiele wie foar it bedriigjen fan deselde man. Hy krige doe in wurkstraf fan 30 oeren ûnder betingst oplein.

De fertochte seit dat de nije freon fan syn eks lilk wie en mei opsetsin foar syn auto stean gong wie. De rjochtbank docht 3 maaie útspraak.

Trefwurden: 
wurkstraf geweld rjochtbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)