Utfeartferiening wol krematoarium yn Dokkum

22 apr 2016 - 14:01

Begraffenis- en kremaasjeferiening ''Dokkum en omstreken'' hat plannen foar in krematoarium yn Dokkum. Dat krematoarium soe komme moatte neist it besteande útfeartsintrum oan de Rûnwei.

Omwenners wurde moandei op de hichte steld. It bestjoer sil de plannen moandeitejûn foarlizze oan de ledefergadering en wol oant dy tiid gjin taljochting jaan.

Trefwurden: 
krematoarium Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)