Oaljespoar oantroffen op strân fan Skylge

22 apr 2016 - 13:24

Op it Noardseestrân fan Skylge is oer in lingte fan tsien kilometer in tin oaljespoar oantroffen. Omdat it lytse kerrels oalje binne, kinne der gjin grutte masines brûkt wurde om it guod op te romjen. De oalje moat mei de hân fuorthelle wurde.

Op it stuit binne tsien meiwurkers fan in leanbedriuw dwaande op it strân. It is noch ûndúdlik hoe lang as it duorret foardat alle oalje opromme is.

Trefwurden: 
oalje strân Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)