ChristenUnie wol skjinnere bussen yn Fryslân

Arriva bus © ANP
De ChristenUnie yn Fryslân wol dat de provinsje mear docht mei it feit dat bussen yn Nederlân hieltyd skjinner wurde. Wat de fraksje oanbelanget mei de provinsje fan ferfierders easkje, dat sy op termyn oergean op skjinnere foarmen fan brânstof.
Ein dit jier fynt de gunning plak fan it iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân en it Waad. Neffens de ChristenUnie is dat in moai momint om de ferfierders te wizen op de mooglikheden. Op dit stuit rinne de provinsjes Brabân en Limboarch foarop as it giet om it gebrûk fan skjinne bussen.