Hurdrider (20) moat rydbewiis ynleverje

22 apr 2016 - 08:44

De plysje hat tongersdei it rydbewiis ynnaam fan in 20-jierrige autobestjoerder út Blauhús. Hy ried mei hast 160 kilometer yn 'e oere oer de N359 by Warkum, mei in pyk fan 200 kilometer. 100 is dêr it maksimum.

De man helle boppedat meardere kearen yn oer de trochlutsen streek. Ek wie er oan it bumperkleven. De bestjoerder moat in kursus folgje oer rydgedrach yn it ferkear.

Trefwurden: 
hurdrider rydbewiis N359
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)