Follybalsters Snits winne yn Ootmarsum mei 3-2 fan Set Up

Fenna Zeinstra en har ploechgenoaten © awfoto.nl
De follybalsters fan Snits hawwe tongersdei yn Ootmarsum yn in fiifsetter wûn fan Set Up. Kommende snein wurdt de beslissende wedstriid om de lânstitel spile yn Snits. De earste set gie maklik mei 25-14 nei de Snitsers. De twadde set wie mei 25-23 foar Set Up. Yn de tredde set liet Snits it hielendal sitte en dy waard dan ek mei 25-9 ferlern. Yn de fjirde set hiene se de kop der wer by en dy waard mei 25-12 wûn.
Dat betsjutte dat der wer in fiifde set nedich wie. Mei in sterke opslach fan Fenna Zeinstra waard de winst úteinlik binnensleept.