Grutte kâns op degradaasje nei lykspul fan Cambuur

21 apr 2016 - 20:40

SC Cambuur hat tongersdeitejûn ien punt pakt yn de thúswedstriid tsjin Willem II, it waard 1-1. Dêrmei is de kâns dat se degradearje út de earedifyzje hiel grut wurden. Se moatte noch twa wedstriden spylje: út tsjin PSV en thús tsjin Excelsior. Cambuur hat no 18 punten út 32 wedstriden. De Graafschap hat fjouwer punten mear en Excelsior hat acht punten mear. De kâns is hiel lyts dat Cambuur út dy lêste twa wedstriden noch seis punten helje sil.

Yn de earste helte rekke Cambuur fuortendaliks troch al syn wiksels hinne. Yn de achtste minút moast Martijn van der Laan it fjild hinkeljend ferlitte. Hy waard ferfongen troch Calvin Mac-Intosch. Yn de 24e minút kaam Cambuur op foarsprong troch in kopgoal fan Jamiro Monteiro nei in foarset fan Jack Byrne. Lang hat Cambuur gjin wille fan de foarsprong, want trije minuten letter skoart Willem II fia Peters hiel simpel de lykmakker. Yn de 37e minút moat ek Hoefdraad wiksele wurde, syn ferfanger is Sander van de Streek. En yn de 41e minút falt ek Van Veen blessearre út, foar him komt Xander Houtkoop deryn.

Nei de rêst krije beide ploegen noch wol kânsen, mar der wurde ek in soad oertredings makke. Yn de 60e minút hat Houtkoop alle tiid en romte út te heljen, mar hy sjit royaal neist. "Alles of niets" roppe de supporters de spilers ta. Der stean dan noch 20 minuten op de klok en der moat wûn wurde. Mar it slagget Cambuur net om de winnende goal te skoaren. Yn de 89e minút liket der hands makke te wurden troch in Willem II-ferdigener, mar skiedsrjochter Kevin Blom jout de penalty net. Yn de 91e minút hellet Byrne nochris út, keeper Lamprou grabbelet en pakt de bal krekt foar de line op.

Der wiene 9600 minsken yn it stadion en dat wiene allegear Cambuurfans, want de supporters fan Willem II fûnen it te fier riden foar in wedstriid troch de wike. Der hong allinnich in spandoek út Tilburg.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Willem II
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)