Picknick foar Ljouwerter jeugd en flechtlingejeugd

21 apr 2016 - 17:19

Jongerein út de flechtlinge-opfang fan de Heliconstate en jongerein út Ljouwert kamen tongersdei by elkoar foar in ynternasjonale picknick. Syriers makken Syryske hapkes en de Friezen namen sûkerbôle mei. It wie in inisjatyf fan frijwilligersorganisaasje "We willen wat doen". Doel wie om de jongerein mei elkoar yn de kunde komme te litten.

Inisjatyfnimster Lien Kamps wie tefreden: "we kunnen veel van elkaar leren. Maar het is natuurlijk ook gewoon een gezellige middag met lekker weer en lekkere hapjes."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)