Dokkum siket jild om bysûnder skilderij te restaurearjen

It Museum Dokkum sammelet jild yn om in skilderij restaurearje te litten dat hiel belangryk is foar de stêd. It giet om in skilderij dat de havengong fan Dokkum sjen lit, oan de eastkant fan de stêd. Dêrby binne de Halvemaanspoort en de Kettingbrêge dúdlik herkenber.
Wat it wurk bysûnder makket is dat dit it mei 2.40 meter it langste skilderij fan Dokkum is. Boppedat is it ien fan in hantsjefol skilderijen út de 18e iuw mei Dokkum as tema. Der is noch goed 3600 euro nedich foar de restauraasje.
Yn it kommende museumwykein (23 en 24 april) hinget it skilderij tydlik yn it museum. It skilderij hat even by de restaurateur west, dy't it skilderij ûndersocht hat. Dêrby binne lagen fan it skilderij ôfskrabe, mar dat wurdt letter wer ferholpen. As it skilderij klear is komt it permanint yn it museum te hingjen. Minsken dy't jild jaan wolle kinne terjocht op de webside www.voorjebuurt.nl. Der is oant no ta 1090 euro ophelle.