Der sit gjin gif yn molke en griente troch de REC-útstjit

21 apr 2016 - 16:03

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns hat gjin skealike effekten op gewaaksen yn de buert. Dat docht bliken út mjittings dy't ferline jier dien binne yn opdracht fan LTO Noord. Yn it ûndersyk is sjoen nei it effekt dat de útstjit fan de ôffaloven hat op bygelyks it gers, de spinaazje en de boerekoal dy''t groeit yn de omjouwing en op de molke fan kij.

Der is meardere kearen metten oft dêr ek tefolle skealike stoffen ynsieten. Dat wie net sa, hat bliken dien. De mjittings wurde dien sûnt de REC yn bedriuw is en gean dit jier ek troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)