Blauwe flagge foar Fryske strannen en jachthavens

It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De strannen fan Hollum, Nes en Buren op It Amelân binne foar de 29ste kear bekroand mei de blauwe flagge. Dat is in ûnderskieding dy't oanjout dat de strânbehearder him ynset foar skjin en feilich wetter, in sûn miljeu en in moaie natuer.
Ek in tal Fryske jachthavens krije in blauwe flagge: op Flylân, yn Warkum, Wâldsein en Jirnsum.
Strân- en jachthavenbehearders kinne har sels oanmelde om yn de beneaming te kommen foar it karmerk.