Beslach lein op 21 auto's by ferkearskontrôle Eastersee

© ANP XTRA
By in ferkearskontrôle op de A6 by Eastersee hat de belestingtsjinst woansdei beslach lein op 21 auto's fanwege belestingskulden. Seis auto's waarden fuortsleept. Mei de oare eigeners binne ôfspraken makke om it iepensteande bedrach te beteljen. Sy mochten dêrnei fierder ride.
De plysje hat by de kontrôle trije boetes útskreaun foar ferskate oertredings, lykas de APK dy't ferrûn wie.