Michael Schuurs komt net werom as coach fan Aris

21 apr 2016 - 13:52

Michael Schuurs komt definityf net mear werom as coach fan de Ljouwerter basketbalklup Aris. Yn febrewaris die Schuurs in stapke werom fanwegen "oververmoeidheid". It werstel duorret langer as tocht waard en dêrom sil er him foarearst weromlûke út it profesjonele basketbal.

Aris sil op syk nei in ferfangende coach. De Ljouwerter klup moat ek sykje nei in oare spiler: Quincy Treffers ferlit Aris. Hy kiest foar in maatskiplike karriêre yn Den Helder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)