Pleatsing Oosterpoortsbrêge yn Frjentsjer útsteld

21 apr 2016 - 13:06

De montaazje fan it brêgedek fan de Oosterpoortsbrêge yn Frjentsjer is útsteld. Dat soe no moandei barre, mar de tarieding foar it feilich te plak hisen fan it brêgedek kostet mear tiid, sa meldt de gemeente. It útstel hat gjin konsekwinsjes foar de úteinlike oplevering fan de brêge ein maaie.

De nije Oosterpoortsbrêge ferfangt de Oosterpoortsdam en hat in trochfarhichte fan 2,5 meter. De binnenstêd fan Frjentsjer wurdt sa better berikber foar boatsjeminsken.

Neffens de gemeente is it ek feiliger, omdat de berops- en rekreaasjefeart skieden wurdt. De beropsfeart folget de rûte fia de Stasjonsbrêge, de rekreaasjefeart giet fia de âlde grêften.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)