Europeeske lânboukommisje posityf oer griene keunstmest

In romme mearderheid fan de lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint stipet it inisjatyf fan Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea foar griene keunstmest. De mineralen út stront kinne brûkt wurde as ferfanger foar keunstmest. Europeeske wetjouwing stiet soks no noch net ta.
Huitema fynt it te gek foar wurden dat boeren de dong fan har bisten ôffiere moatte en dêrnei keunstmest brûke moatte. It gebrûk fan it minerale konsintraat is better foar it miljeu en skeelt de boeren jild, seit Huitema.
It Europeesk Parlemint stimt nei alle gedachten yn juny oer syn inisjatyf.