Brân op frachtskip op Van Harinxmakanaal yn Ljouwert

© Kappers Media
Oan board fan in frachtskip yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn brân west. It skip foer op it Van Harinxmakanaal by Ljouwert doe't de brân útbruts. De skipper koe oanlizze by de Nijlânsdyk.
It fjoer wie ûntstien by in kraan dy't op it dek stie. De brânwacht hat it fjoer útmakke en krige dêrby help fan in boat fan de provinsje dy't yn de buert lei. It is noch ûndúdlik hoe grut de skea oan it frachtskip is.