Hearrenfean nimt net offisjeel ôfskie fan keeper Nordfeldt

21 apr 2016 - 06:47

Ald-Hearrenfeankeeper Kristoffer Nordfeldt is in offisjeel ôfskie fan de klup troch de noas boarre. Nordfeldt is no keeper by Swansea City yn Wales en is efkes yn Nederlân foar in aksje fan Make a Wish. Dizze organisaasje besiket winsken fan jonge bern mei in libbensbedriigjende sykte útkomme te litten.

Nordfeldt wie woansdei by de wedstriid tsjin Ajax yn it Abe Lenstra Stadion en hie noch nea offisjeel ôfskie naam fan it publyk. De Hearrenfean-lieding fûn dit lykwols ek net nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)