SC Hearrenfean ferliest fan Ajax

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn mei 2-0 thús ferlern fan Ajax. Nei in saaie earste helte mei net folle kânsen foar beide ploegen, makken de Amsterdammers gau dien wurk nei de tee. Ajax kaam yn de 57ste minút op foarsprong nei’t Milik út in penalty skoarde nei’t hands jûn wie foar Otigba. Flak dêrnei skoarde Milik nochris yn de 64ste minút.
Troch de oerwinning op SC Hearrenfean binne de Amsterdammers koprinner yn de earedifyzje.