Keatsen lûkt soad sponsors

Hans Wassenaar © Henk Bootsma
In protte sporten kinne op it stuit mar kwealik sponsors fine, mar mei de sponsoring fan it keatsen giet it poerbêst. Dat seit Jan van Erve, eigener fan buro Van Erve Sport & Commercie. Neffens him is it keatsen sa suksesfol troch de lytsskaligens.
It giet yn de keatssport om lytsere bedragen en dat is foar sponsors oantrekliker. Se soene har yn dizze ûnwisse ekonomyske tiid net mear sa maklik bine wolle oan grutte kontrakten. Boppedat sykje de keatsers spesifyk nei sponsors dy't goed passe by 'it DNA fan de keatssport'.