Jiergearkomste fan alle WTC's is yn 2018 yn Ljouwert

20 apr 2016 - 15:55

De jiergearkomste fan alle WTC's yn de wrâld is meikoarten yn Ljouwert. Yn 2018 komme dêrfoar mear as 400 professionals út 70 lannen nei de Fryske haadstêd. It bestjoer fan de wrâldwide WTC-organisaasje hat mei ien stim ferskil foar Ljouwert keazen. It bid fan Ljouwert waard stipe troch alle Nederlânske WTC's, en dat joech de trochslach, yn kombinaasje mei it foarstelde programma, en it feit dat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa is.

Foar 2018 stiet in ynternasjonaal programma fan trije dagen yn de stegers.

"De General Assembly moat in belangryk momint wurde dêr't it bedriuwslibben yn it Noarden him ynternasjonaal profilearje kin", sei direkteur Evert Jan Schouwstra fan it WTC yn Ljouwert. Oare gadingmakkers foar de jiergearkomste wiene Syprus, Bangelore en Noida (beide yn Yndia).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)