Haadfjild VV Bûtenpost krijt nij gersfjild

20 apr 2016 - 15:45

Op it haadfjild fan VV Bûtenpost kin de kommende moannen net fuotballe wurde. De gersmatte wurdt folslein op 'e nij oanlein. Dat is nedich, omdat de ûndergrûn mar dreech wetter trochlit. Benammen as it bot reinde, gongen de wedstriden by Bûtenpost dêrtroch gauris oer. Dat probleem is no al oplost, omdat der in keunstgersfjild kaam is. Mar de feriening woe ek graach it haadfjild oanpakke. Yn oktober moatte de jeugdspilers der wer op telâne kinne.

Foarige wike hat de oannimmer it gers deaspuite. Dizze wike is it der ôf helle.

It liket wol in boufjild, seit Paul Loonstra fan de klup. "De ierappels kinne der hast yn."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)