SC Cambuur makket him op foar krúsjale wedstriid

SC Cambuur makket him trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje op foar in krúsjale wedstriid tsjin Willem II, dy't tongersdei op it programma stiet. De Tilburgers stean mar twa plakjes heger yn de earedifyzje as Cambuur en mei it each op konkurrint foar liifsbehâld De Graafschap moatte de Ljouwerters winne om degradaasje foar te kommen.
It gat mei konkurrint De Graafschap is noch hieltyd mar twa punten. De 'Superboeren' spylje woansdeitejûn al, tsjin FC Utrecht. "Het geeft geen stress, wel extra druk" seit trener Marcel Keizer.
"We zullen er alles aan doen en hopelijk komt het goed" seit oanfierder Erik Bakker.
Opstelling
Furdjel Narsingh is in twifelgefal, hy hat noch lêst fan it ankel, fierder is de seleksje fit. Oanfierder Erik Bakker komt werom nei in skorsing, hy liket yn de basis te begjinnen.
Willem II ferlear ôfrûne wykein fan ADO Den Haag en dêrtroch binne de Tilburgers sakke nei it 16e plakje yn de earedifyzje, in plak dat neikompetysje betsjut. Earder dit seizoen waard it 3-0 foar Willem II. Ald-Cambuur spiler Bartholomew Ogbeche spilet net mei by de 'Tricolores', de oanfaller is al in skoft blessearre oan it skouder.
Lachman en Byrne stean beide op skerp mei fjouwer kear giel. Trainer Marcel Keizer hat foar de beide spilers net de opdracht om in kaart te pakken sadat se de lêste, en mooglik beslissende kompetysjewedstriid tsjin Excelsior yn elts gefal ynsetber binne.