Undernimmingsried: "Der is in eangstkultuer by Caparis"

Der hearsket in eangstkultuer by Caparis. De ûndernimmingsried fan de sosjale wurkfoarsjenning makket him dêr grutte soargen oer. Dat seit foarsitter Kostas Kalafatis fan de ried. Oer de oarsaak doart hy neat te sizzen, mar de eangst sit troch it hiele bedriuw hinne. "Mensen durven niet meer voor hun mening uit te komen", seit Kalafatis.
Tongersdei praat de ûndernimmingsried mei de meiwurkers fan Caparis. Dêr hoopje se te hearren wat de meiwurkers fan de gong fan saken fine.
Caparis is al langer negatyf yn it nijs, ûnder oare fanwege finansjele tekoarten. Woansdei berjochte de Ljouwerter krante oer it oan de kant setten fan twa direkteuren by Caparis, fanwege ûngeregeldheden mei in kontrakt. Dat barde begjin maart al, mar Kalafatis en syn kollega's waarden pas ôfrûne moandei op de hichte steld.
De ûndernimmingsried hat de problemen binnen it bedriuw ek oankaart by acht gemeenten. Sy binne de oandielhâlders fan Caparis. "Maar wij kregen nul op het rekest. De gemeenten zeggen dat het een interne kwestie voor Caparis zelf is."