Provinsje hâldt minút stilte foar âld-deputearre Mulder

Steateseal
De gearkomste fan Provinsjale Steaten is woansdeitemoarn begûn mei in minút stilte foar Jacob Mulder, âld-steatelid, deputearre en boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Mulder ferstoar ôfrûne moandei op 83-jierrige leeftyd.
Fan 1966 oant 1972 wie Mulder riedslid yn de gemeente Gaasterlân. Fan 1970 ôf wie er foar de ARP (en letter CDA) steatelid, om yn 1975 deputearre te wurden. Yn 1980 waard Mulder boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Yn 1996 gie er mei pensjoen.