Bedrijfswagen Service Friesland iepenet nij bedriuwsgebou

20 apr 2016 - 08:27

Bedrijfswagen Service Friesland nimt freed it nije bedriuwsgebou oan de Morsewei yn Ljouwert offisjeel yn gebrûk. In hichtepunt foar de trije eigeners, dy't yn 2014 noch as meiwurkers by Cosmo Trucks wurken.

Cosmo Trucks gie lykwols fallyt wêrnei't it trijetal de eardere Cosmo-fêstigings yn Ljouwert en Boalsert oernaam, ynklusyf 12 fan de 55 eardere personielsleden. Nettsjinsteande de grutte konkurrinsje yn de transportsektor is Bedrijfswagen Service Friesland oerein bleaun.

No, twa jier letter, is der flink ynvestearre yn in nij bedriuwsgebou dat enerzjyneutraal makke is en foldocht oan strange miljeu-easken. It bedriuw hat no 23 man personiel oan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)