Doutzen Kroes krijt rol yn 'Wonder Woman'-film

Doutzen Kroes sil meispylje yn de film Wonder Woman. Dat wurdt dúdlik út in berjocht op Instagram fan de haadrolspylster Gal Gadot. Sy neamt Doutzen yn it berjocht har "Amazonian sister', in ferwizing nei de film. Der giene al in skoftke geroften dat it Fryske topmodel in rol krije soe yn Wonder Woman, in soarte fan heldefilm.
Njonken Gadot spylje ek Star Trek-akteur Chris Pine en Robin Wright yn Wonder Woman. Patty Jenkins, regisseur fan de film Monster, is oannommen om de film te meitsjen, oan de hân fan in skript fan Jason Fuchs.
Wonder Woman moat yn juny fan 2017 yn de bioskopen te sjen wêze. Kroes spile earder yn 2011 yn de film Nova Zembla.
Lês mear oer de film op filmtotaal.nl.