Fryslân promoatet molke en wetter yn Sina

Heilongjiang is de meast noardlike provinsje fan Sina © Wikicommons
In delegaasje fan 20 fertsjintwurdigers fan Fryske bedriuwen en ynstellingen is de kommende dagen op hannelsbesite yn Sina. De groep is troch de Sinezen útnûge om diel te nimmen oan The International Dairy Expo yn de stêd Harbin.
De delegaasje praat derneist mei Sineeske ûndernimmers en bestjoerders oer toerisme en kultuer. De Fryske rekreaasje-ûndernimmers hoopje te profitearjen fan it groeiend tal Sinezen dat graach reizgje mei. Se hawwe ûnder oare in promoasjefilmke makke mei deryn toeristyske en ekonomyske hichtepunten yn Fryslân.