6-jierrige start Facebook-aksje foar 'Foppe de Haanstrjitte'
De 6-jierrige Maren de Vries fan Balk wol dat in strjitte op It Hearrenfean de namme krijt fan Foppe de Haan. Se is op Facebook in aksje begûn om dat foarmekoar te krijen.
Tiisdei mocht Maren in brief dy't se oan Foppe de Haan skreaun hie, tegearre mei har klassegenoaten yn it Abe Lenstrastadion oanbiede oan de trainer fan SC Hearrenfean. Yn de brief stiet dat Maren wol dat in strjitte by it stadion de namme Foppe de Haanstrjitte krijt. Op dy wize wurdt de trainer nea ferjitten, sa skriuwt Maren.
Se kaam ta it inisjatyf om't De Haan oan de ein fan dit seizoen ophâldt as trainer.