Wyn stiet reparaasje Bonifatiustoer Ljouwert yn 'e wei

De reparaasjewurksumheden oan de Bonifatiustoer yn Ljouwert binne sa goed as klear. In pear jier ferlyn wie it dak skansearre rekke by in stoarm en ek wiene in pear fan de wetterspuiers stikken rekke.
Mei in grutte kraan binne saakkundigen op grutte hichte dwaande mei it reparearjen fan de skea. De wyn makket it dreech, om't it heechste punt fan it dak mei de kraan net te berikken is. Nei ferwachting moat dat yn de kommende dagen wol slagje en is de toer tongersdei wer klear.