FIDEO: Mear mobile ferbiningen fanút satellytstasjon Boerum

De fraach nei satellytferbiningen nimt noch hieltyd ta. Foaral kommunikaasje mei en út fleantugen wei wurdt hieltyd populêrder. Dat seit direkteur Gerard Luursema fan it bedriuw Inmarsat yn Boerum. Inmarsat leveret kommunikaasjetsjinsten fia de satellyt.
Boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân brochten tiisdei in besite oan it bedriuw.