Opsterlân sil sels it grienûnderhâld wer dwaan

© Google Street View
De gemeente Opsterlân sil fan 2017 ôf wer sels struktureel it ûnderhâld fan de bermen yn it bûtengebiet dwaan. In pilot om it ûnderhâld troch boeren dwaan te litten is mislearre. De boeren woene net meidwaan om't se der gjin fergoeding foar krigen.
Fanwegen besunigings meande Opsterlân de bermen yn it bûtengebiet net mear. Dat koe lykwols net langer troch de rûchte dy't ûntstie. Foar dit jier sil Opsterlân de bermen twa kear meane. De gemeente wurket oan in plan fan oanpak foar 2017.