Test Lorentzslûzen soarget foar ferkearshinder

19 apr 2016 - 16:59

It ferkear op de Ofslútdyk moat fan 19 oant 28 april rekken hâlde mei fertragingen. Tusken dy datums wurde de Lorentzslûzen test. De testen fine plak bûten de spitsoeren om, tusken 10:00 en 16:00 oere. De ferwachte fertraging foar it ferkear op de wei is sa'n 15 minuten.

Ek de skipfeart moat rekken hâlde mei fertragingen. Sy kinne oant 2 maaie allinnich gebrûk meitsje fan de Stevinslûzen oan de Noard-Hollânske kant fan de Ofslútdyk.

De test fan de 83 jier âlde Lorentzslûzen is ûnderdiel fan in gruttere renovaasje fan de slûzen en fersterking fan de Ofslútdyk. De wurksumheden binne needsaaklik om de feiligens en it funksjonearjen fan de brêgen en slûzen garandearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)