Bou glêzen paviljoen Vijversburg stillein

19 apr 2016 - 16:31

De bou fan it glêzen paviljoen yn Park Vijversburg yn Tytsjerk leit stil fanwegen de finansjele problemen by haadoannimmer Jurriëns. Dy hat begjin april útstel fan betelling krigen en driget fallyt te gean.

Neffens de Stichting Op Toutenburg is it bysûndere paviljoen hast klear, mar kin it net ôfmakke wurde. De iepening fan it paviljoen op 2 july is skrast. Earder is de iepening fan it park oant twa kear ta útsteld fanwegen problemen mei it paviljoen. It park om Vijversburg hinne is wol iepen.

Jurriëns

It is it twadde Fryske projekt dat fertraging oprint troch de problemen by Jurriëns. Earder waard bekend dat de restauraasje fan it Entrepotgebou yn de Nieuwe Willemshaven yn Harns fertraging oprint.

Trefwurden: 
Vijversburg Tytsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)