COA: Gjin soargen oer azc's yn Fryslân

19 apr 2016 - 16:23

It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA) makket him der gjin soargen oer dat der te min plakken binne yn Fryslân om asylsikers op te fangen. Dat seit wurdfierder Henk Wolthof, no't dúdlik wurden is dat der yn Wytmarsum foarearst gjin azc komt.

Projektûntwikkeler Tom Genee set syn plannen dêr net troch omdat er net beskikke kin oer it âlde gemeentehûs, dêr't meiwurkers fan it COA ûnderbrocht wurde moatten hiene. De eigener fan dat gebou wol der net oan meiwurkje.

7.500 asylsikers

It COA is der net benaud foar dat Fryslân no yn de problemen komt mei syn taakstelling. Fryslân moat fan it Ryk 7.500 asylsikers ûnderdak jaan. Der binne op dit stuit al trije grutte asylsikersintra yn Fryslân en der binne plannen foar noch in oantal. It COA praat geregeld mei Fryske gemeenten oer wêr't mooglikheden binne foar de fêstiging fan in azc. Wolthof is posityf oer dy petearen. De gemeenten binne fan goede wil, seit er.

Needsenario's

It COA hat needsenario's klearlizzen foar it gefal dat der ûnferwachts in hiel soad asylsikers ûnderbrocht wurde moatte, dêr't no noch gjin plak foar is. Dy kinne yn gefal fan need ûnderdak krije yn paviljoenen. Dy grutte tinten kinne binnen in wike delset wurde, as de need heech is, seit Wolthof.

Trefwurden: 
COA asylsikers Henk Wolthof
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)