Kollum: ''Stimme is in foarrjocht''

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
''It is fjirtjin dagen lyn dat it Oekraïne-referendum hâlden waard. Ik hie it der earder oer ha wollen, mar soms is it better om dingen besinke te litten, te wachtsjen oant de fûlste emoasjes delbêde binne. En ja, dat jildt ek foar my. Want krekt as no, mei dy fallus fan in Erdogan, stiene de omballingen fan it referindum garant foar in bloeddruk fan olympyske hichtes.
Hoe siet it ek alwer? Op 6 april mocht Nederlân syn miening jaan oer it assosjaasjeferdrach fan de Europeeske Uny mei Oekraïne. Dat referindum wie der kaam troch de ynspannings fan it Burgercomité EU, yn gearwurking mei it Forum voor Democratie en Geenstijl. Trijehûnderttûzen hantekeningen moasten der komme. Dy kamen der, dus wie it earste riejaand referindum in feit. Wy, jo en ik, koene en mochten stimme oer in assosjaasjeferdrach. En dêr begûnen de problemen. Want om in miening te hawwen moatte je ek witte wêr’t je oer prate. Leau it of net: ik ha in serieuze kant dy’t op sokke mominten hiel bot op begjint te spyljen. Dy’t seit: ferdjipje dy deryn. Dat komt om’t it ús fan hûs út wei meijûn wurden is. Wy libje yn in demokrasy. Dat is net samar wat, dêr moatte je muoite foar dwaan. Demokrasy is it fûnemint fan beskaving, stipe troch de frijheid fan mieningsutering. ‘En stimme,’ sa seine ús heit-en-dy, ‘is gjin plicht, mar in foarrjocht.’ Dy wurden ha ik goed yn de earen knope. Dus ha ik nei it assojaasjeferdrach sjoen. In stik fan 323 siden, en 306 dêrfan giene oer hannel. Drege kost, mar gelokkich binne der kranten dy’t alle foar- en tsjinarguminten kreas op in rychje sette, sadat it oersichtlik wurdt.
No hoegden je net in profeet te wêzen of Jomanda te hjitten om te witten dat de opkomst net grut wêze soe. Sels by provinsjale en gemeenteriedsferkiezings is de opkomst leech, wylst dat oangelegenheden fan neist de doar binne. Nei ôfrin bliek dat 1/3 part fan de minsken mei kiesrjocht stimd hiene, 2/3 part wie thús bleaun. De measten fan dat 2/3 part út desynteresse, de rest omdat se de inisjatyfnimmers fan it referindum net lije mochten. Soks betink ik net, dat seine de net-stimmers sels. De folsleine yrrelevânsje fan dy motivaasje wie ferbjusterjend. Fansels, yn in demokrasy meie jo ek net stimme, mar dat it út sokke bernige en ûneigentlike betinkings dien wurdt, is amper te befetsjen. En as oft dat noch net genôch wie, giene guon net-stimmers safier om foto’s op ynternet te setten dêr’t op te sjen wie hoe’t se grutsk de stimpas fuortsmieten, ferskuorden of origami fan sieten te meitsjen. Yn stee fan harren dea te skamjen, lieten se har der op foarstean. Is it dan in wûnder dat de demokrasy der op ’t heden net al te bêst foar stiet? Wat is der fan in regearing en lokale oerheden te ferwachtsjen as sels it folk der al sa mei omgiet?
By dizze pleitsje ik dan ek foar in nij skoalfak: de ferwurvenheden fan demokrasy. Oer it foarrjocht fan stimmen. En oer de mooglikheid om dingen dy’t je net oanstean –lykas referinda- op demokratyske wize te feroarjen. Om mei dat nije fak foar te kommen wat W.F. Hermans ea sei: ‘Demokrasy is moai, allinne de minsken binne dêr te stom foar.'''