Ynterim-direkteur helpt by amtlike fúzje Dantumadiel

18 apr 2016 - 23:42

De amtlike fúzje tusken de fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân sil begelaat wurde troch in ynterim-direkteur dy't 175 euro yn de oere fertsjinnet. De ried fan Dantumadiel gie moandei akkoart mei it beskikber stellen fan in bydrage oan de komst fan de ynterim-direkteur, sa'n 59.000 euro.

Kolleezjepartijen CDA, FNP en Christen Unie binne fan miening dat sa'n eksterne persoan nedich is, omdat de amtlike fúzje tusken Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel in komplekske saak is.

Mei de bydragen fan de trije oare gemeenten komt it totaalbedrach út op 200.000 euro, wêrnei't de provinsje der noch 40.000 euro by docht. Boargemaster Sicko Heldoorn stelt dat it in ferkearde kar west hat om de amtlike fúzje earst mei eigen minsken te dwaan.

De ynterim-direkteur sil trije dagen yn de wike oan it wurk. Dêr krijt er 12.600 euro yn 'e moanne foar. Oant 1 jannewaris hat de ynterim-direkteur 130.000 euro fertsjinne.

De ried fan Dantumadiel stimde twa wiken lyn tsjin weryndieling mei de trije oare gemeenten. In fúzje fan it amtlik apparaat is foar de ried wol besprekber. Dantumadiel hâldt dan in eigen bestjoer.

Trefwurden: 
Dantumadiel Fúzje amtlik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)